Scriptieprijs Arjen Dijkstra

PARSEBERJOCHT

Ljouwert, 11 maaie 2009

Skripsjepriis Fryske Akademy foar Arjen Dijkstra

De twajierlikse skripsjepriis fan de Fryske Akademy is wûn troch Arjen Dijkstra fan Glimmen foar syn skripsje Het vinden van Oost en West in het Friesland van de zeventiende eeuw. De polemiek tussen Lieuwe Willemsz Graaf (1652-1704) en Bernhardus Fullenius Jr. (1640-1707). Oan de priis is in jildbedrach fan tûzen euro ferbûn. Arjen Dijkstra is yn 2007 ôfstudearre oan de oplieding skiednis fan de Rijksuniversiteit Groningen.

Dijkstra syn skripsje giet der oer foar hoefier’t de maatskiplike en kulturele êftergrûnen fan sawol de Harnzer skipper Lieuwe Willemsz, as de Frjentsjerter heechlearaar Bernhardus Fullenius de polemyk stjoere. Mei de beskriuwing fan de diskusje oer de lingtefining krijt de lêzer ek noch in byld fan de gong fan saken yn de wittenskiplike wrâld yn Fryslân yn dy tiid.

De bekroande skripsje wie ien fan de njoggen ynstjoerde wurkstikken, dy’t allegear leine op ien fan de mêden dêr’t de Fryske Akademy him mei dwaande hâldt. De sjuery wie by it wurk fan Arjen Dijkstra benammen te sprekken oer de goede lêsberens fan de skripsje. It ûnderwerp is nijsgjirrich en goed ôfbeakene ûnderwerp. Dijkstra jout op noflike wize syn persoanlike fisy oer sekundêre literatuer.

De skripsjepriis fan de Fryske Akademy is yn 1988 ynsteld ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan it ynstitút. It doel is om studinten dy’t it ôfstudearûndersyk op Fryslân rjochtsje, te stypjen.

PERSBERICHT

May 11 2009 Leeuwarden

Masters thesis award Fryske Akademy for Arjen Dijkstra

The Fryske Akademy has awarded Arjen Dijkstra from Glimmen its biennial thesis award for his thesis The search for East and West in seventeenth-century Friesland. The polemic between Lieuwe Willemsz Graaf (1652) and Bernhardus Fullenius Jr. (1640-1707). The award includes a money prize of one thousand Euros. Dijkstra graduated in 2007 in history at the University of Groningen.

In his thesis Dijkstra deals with the question to what extent social and cultural backgrounds direct a seventeenth century polemic. His two main protagonists are Lieuwe Willemsz Graaf, a skipper from Harlingen and Bernhardus Fullenius, a professor at the University of Franeker. With an analysis of the dispute over a method for finding longitude at open sea, the reader of the thesis gets a picture of the scientific world in Friesland in the early modern period.

The honored thesis was one the nine masters dissertations entered for the competetion, all dealing with one of the fields of research of the Fryske Akademy. The jury was particularly laudatory of the readability of Arjen Dijkstra’s thesis. The topic is well chosen and clearly defined. In a pleasant way Dijkstra gives his personal view on secondary literature.

The thesis award from the Fryske Akademy was established in 1988 on the occasion of the 50th anniversary of the institute. The purpose of the award is to support students that focus their final research on the province of Frylân (Frisia).